Oertredings op wetter by Grou

19 jul 2015 - 11:27

De plysje hat sneon op it wetter fan Grou meardere skippers in boete jûn. In oantal krige in warskôging foar lûdsoerlêst. Hast 50 skippers moasten blaze om te sjen oft se tefolle dronken hiene. In 56-jierrige man út Ljouwert krige in boete. Twa skippers krigen in bekeuring om't se fierstente hurd fearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)