Oertreder trapearre op A7

07 apr 2007 - 15:55

De plysje hat freed it rydbewiis ynnommen fan in 22-jierrige automobilist út Rinsumageast. De man foel op autodyk A7 by It_Hearrenfean op troch syn rydstyl.

Hy makke hieltyd wer opnij optredings. Sa helle er rjochts yn of bleau op de linker weihelte, wylst rjochts plak genôch wie. Ek wie er oan it bumperkleven by hege snelheden. Hy ried op in stuit 185 km yn 'e oere oan, wylst 120 it maksimum is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)