Oertreder ferfiersferbod betrape

21 mrt 2001 - 00:00

In boer út Westhim hat it ferfiersferbod foar fee oertreden. De man woe tiisdei in ko dy't kealje moast út it lân wei helje en op stâl sette. Dêrfoar moast er in pear hûndert meter mei it bist oer de dyk ride.

De algemiene ynspeksjetsjinst hat de boer betrape. De ko is deamakke en nei Rendac ta brocht. De boer moat fiiftûzen gûne boete betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)