Oertocht skûtsjes fertrage

24 aug 2009 - 16:06

De reis fan 'e Fryske skûtsjes nei New York mei frachtskip Flinterduin giet net sûnder problemen. Nei fertraging by it ynladen en in orkaan dêr't omhinne fearn wurde moat, hat de Flinterduin no twa dagen stillein yn in haven yn Súd-Ingelân fanwege technyske problemen. Neffens direkteur Otto fan transportbedriuw Flinter binne de skipper op tiid yn New York om mei te farren op de Fryslândei.

De skûtsjes gean nei New York fanwege it 400-jierrich bestean fan de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)