Oerterpers bringe guod nei De Wier foar flechtlingen

22 nov 2015 - 16:07
  • Sporthal

Tal fan Oerterpers bringe snein allerhanne guod nei MFC De Wier foar de flechtlingen. It is benammen bêdeguod lykas ienpersoanslekkens, kessenslopen en dekbêdhoezen. Bern bringe ek boartersguod lykas in fuotbal, spultsjes en in gitaar. De sporthal yn De Wier wurdt klear makke foar de opfang fan 150 flechtlingen dy't tiisdei yn Oerterp komme.

Fan 4 desimber ôf is it multyfunksjonele sintrum wer beskikber foar de gewoane aktiviteiten. Moandei is om 17.00 oere in ynringearkomste foar ynwenners fan Oerterp.

Ek moandei sitte der frijwilligers om guod yn ûntfangst te nimmen. Mei elkoar wie snein om in oere as fjouwer goed 70 stikken oan bêdeguod brocht en sa'n 60 boartersguodstikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)