Oerterper ferstoarn nei ûngelok

13 nov 2005 - 13:57

In man (21) út Oerterp is sneon ferstoarn nei in ûngelok op de Opperbuorren by Wynjewâld. Hy wie mei syn auto fan de dyk rekke en mei in flinke snelheid tsjin in beam botst.

It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto helle en earst nei it sikehûs yn Drachten brocht. Letter moast er nei it UMCG yn Grins. Dêr is de man ferstoarn oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)