Oerterper barak nei Drinte

14 apr 2012 - 10:58

Yn Oerterp wurdt sneon in âlde Joadske wurkbarak ôfbrutsen. De Stichting Joodse Werkkampen wol de barak takom jier opbouwe yn Drinte. Dêr komt in museum oer Joadske wurkbarakken. De barak stie jierrenlang op it hiem fan in plomfeehâlder yn Oerterp. Dy hâlde der piken yn. Yn de oarloch sieten der Joaden yn, dy waarden fan dêrút deportearre nei Westerbork.

Nei de oarloch sieten der NSB'ers en Molukkers yn. De barak is boud yn de jierren '30 foar de wurkferskaffing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)