Oerterp klear foar opfang, tiisdei komme 150 flechtlingen

23 nov 2015 - 18:54
  • De steapelbêden binne op, yn Oerterp moatte de flechtlingen sliepe op fjildbêden
  • Soad belangstelling foar ynformaasjejûn Oerterp (yn 'e midden boargemaster Ellen van Selm)

Oerterp liket klear foar de krisisneedopfang fan 150 flechtlingen yn multyfunksjoneel sintrum De Wier. De gemeente Opsterlân hâlde moandei in ynformaasjegearkomste dêr't in soad minsken op ôf kamen. Doarpsbewenners koene dêr bypraat wurde oer de konsekwinsjes fan de opfang. De measte drokte wie by in stand dêr't frijwilligers harren opjaan koene. Sa lieten de fanfare en meardere koaren witte ree te wêzen de fêste repetysjejûn om te setten yn in konsertjûn foar de flechtlingen.

It Reade Krús hat net genôch steapelbêden, en dêrom moat foar de opfang yn Oerterp gebrûk makke wurde fan fjildbêden. Al lizze dy net al te noflik, klachten ferwachtet Henk Vellinga fan it Reade Krús net. Op oare plakken hat bliken dien dat minsken oer it generaal al tefreden binne mei in dak boppe de holle. De flechtlingen wurde tiisdei in de rin fan de dei ferwachte. Se bliuwe seis dagen yn Oerterp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)