Oerterp klear foar NK

20 jun 2014 - 17:14
  • It poadium fan it NK hurdfytsen yn Oerterp stiet der al

Yn Oerterp wurde freed de lêste dingen regele foar it NK hurdfytsen. Dit wykein wurdt it NK foar amateurs dêr ferriden. Foar it hurdfytskomitee fan Oerterp en Drachten betsjut it in grutte organisaasje.

It poadium stiet der al en Siemen Algra rint noch eefkes de lêste sluven mei startnûmers nei. Foar alle hurdfytsers is der ien. Goed achthûndert startnûmers hat Algra de ôfrûne twa wiken yn in kefert dien. De kommende twa dagen moat bliken dwaan oft alles goed regele is. Sneontemoarn healwei tsienen is de earste wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)