Oerstreaming by Schoon Water

11 feb 2013 - 13:47

De swiere oerstreamings yn Mozambyk hawwe ek gefolgen foar de Fryske organisaasje Schoon Water voor Mozambique. It haadkantoar moast ûntromme wurde. Sûnt ein jannewaris hat it Afrikaanske lân te krijen mei protten wetter. Ien fan de stêden dêr't Schoon Water in soad wurk docht, Chokwe, is folslein ûnder wetter rûn. Neffens tsjûgen streamde it wetter mei folle krêft de strjitten yn. Yn fjouwer oeren tiid stie it twa meter heech.

Schoon Water voor Mozambique is in gearwurking fan ûnder oare de Provinsje Fryslân en it Wetterskip.

It doel is benammen mear en bettere toilet- en waskgelegenheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)