Oerstreamd Bosnië wol help

18 maaie 2014 - 17:45
  • Bosnië hat in soad skea troch de oerstreamings

It Fryske bedriuwslibben moat yn aksje komme foar de minsken dy't yn Bosnië troffen binne troch oerstreamings. Dy hope hat Mirka Antolovic fan Ljouwert. De meiwurkster fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba komt sels út de stêd Doboj yn Bosnië. Ek dêr binne de minsken troch de oerstreamings dakleas wurden.

Mirka Antolovic hat Friesland Campina oanskreaun foar it beskikber stellen fan baby-iten. Dêr hawwe de troffen minsken bot ferlet fan. Dochter Nika (9) komt ek yn aksje foar Bosnië. Se makket earmbantsjes dy't se ferkeapje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)