Oerstekplakken foar kano's

02 maaie 2011 - 17:23
  • Foto: Oetze Deelstra (Omrop Fryslân)

Op fiif plakken yn Skarsterlân binne kano-oerstekplakken oanlein. Kanofarders kinne dêrtroch no sûnder problemen fan De Jouwer nei Vegelingsoord en Nijehaske ta farre.

De boat kin maklik oan de kant tild wurde en in stikje fierder op wer yn it wetter dellein wurde. Mei buordsjes wurdt oanjûn hoe'tst fan de iene steiger by de oare steiger komme moatst. De maksimale rinôfstan is 230 meter. Fan 'e wike is de lêste steiger oanlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)