Oerstekkende einen: botsing

06 apr 2008 - 14:46

Oerstekkende einen feroarsaken sneontejûn in kopsturtbotsing oan De Jade yn Drachten. In 33-jierrige frou remme mei de auto bot ôf foar de einen. In oare automobiliste fan 32 jier dy't achter har ried, seach dat net en botste op har foargongster.

De earste autoriidster is mei pine yn it liif nei it sikehûs oerbrocht. De oare frou hie in lytse ferwûning oan 'e foarholle. Se hoegde net nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)