'Oerrinpolders earder brûke'

19 jan 2012 - 15:51

Wetterskip Fryslân moat by heech wetter earder de oerrinpolders folrinne litte. Dat fynt FNP'er Lolke Folkertsma dy't út namme fan de partij yn it algemien bestjoer sit. It bestjoer fan it wetterskip besprekt de gong fan saken by it heech wetter.

Uteinlik liet it wetterskip trije polders folrinne. Neffens Folkertsma wie in soad eangst en ûnrêst by it publyk foarkaam wurden, as dat earder dien wie. Hy tinkt ek dat der tenei mear gebrûk wurden makke wurde moat fan mobile pompen.

Mei mobile pompen hie neffens Folkertsma by Dokkumer Nije Silen noch wol ôfwettere wurde kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)