Oerol yn Europeesk netwurk

06 maaie 2011 - 16:39
  • Oerol bliid mei Europeesk netwurk

It Europeeske festivalnetwurk In Situ, dêr't it Skylger Oerol ek yn meidocht, krijt fan de Europeeske kommisje foar Kultuer 2,2 miljoen euro foar de kommende 5 jier. De 19 festivals dy't yn it netwurk sitte, drage sels ek noch in bedrach fan 2,2 miljoen euro by. Foar Oerol giet it dan om 55.000 euro dat se deryn stekke moatte.

Kreatyf direkteur Joop Mulder fan Oeral is bliid mei it jild. Hy fynt it in erkenning foar de ynvestearrings dy't de ôfrûne jierren dien binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)