Oerol wer leukste útstapke

07 okt 2009 - 18:38

It Oerol-festival op Skylge is foar de twadde kear ferkeazen as it leukste útstapke fan Nederlân. De ferkiezing is organisearre troch de site eropuit.nl. fan de NS.

Neffens de testers is it festival ien fan de aldergesellichste útstapkes, omdat it foar sawol steltsjes, groepen en allinnichsteanden leuk is om hinne te gean. Ek yn de kategory 'waar foar dyn jild' skoart Oerol heech. Oan de test diene in lytse 50.000 minsken mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)