Oerol: soad klachten oer trein

18 jun 2008 - 11:38

Undernimmer Jan Hoekstra fan Harns hat syn nocht fan lilke treinreizgers dy't syn kantoar brûke om ferhaal te heljen. Hoekstra hat in bedriuw tichtby it perron yn de Harnzer haven. Omdat de treinen mei it Oerolfestival hielendal fol sitte, hawwe in soad reizgers klachten. In soad fan dy klachten bedarje by Hoekstra.

De wichtichste klachten: reizgers moatte lang wachtsje, se hawwe yn de trein hast gjin romte en der is te min plak foar de bagaazje en fytsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)