Oerol NY: 25.000 besikers

21 sep 2009 - 09:41

It New Island Festival yn New York hat úteinlik mear as 25.000 minsken lutsen. It lokaasjeteater fan Oeroldirekteur Joop Mulder hie yn it begjin lêst fan it minne waar. Mar troch entûsjaste reaksjes yn de media kamen der dochs noch in soad minsken.

Lokaasjeteater is in nij fenomeen foar New Yorkers. In soad minsken fregen dan ek oft de Oerolminsken it oare jier wer weromkomme. It festival wie ûnderdiel fan de festiviteiten foar it 400-jierrich bestean fan New York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)