Oerol: noch nea sa drok

18 jun 2007 - 11:16
  • In spektakulêre show fan Circus Boabab
  • Drokte en geselligens op Het Groene Strand

It Oerolfestival op Skylge hat noch nea sa drok besocht west as dit jier. Alle akkomodaasje sit fol en de fraach nei mear húskes, tinten en oare sliepplakken wie noch folle grutter.

Op it eilân is plak foar in lytse 20.000 minsken om te oernachtsjen en dy binne der dus ek. Rederij Doeksen hat yn it iepeningswykein alle dagen 2500 minsken mear oersetten as oars. Dêrfoar hat de rederij in ekstra boat yn de faart naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)