Oerol moat besunigje

06 jan 2004 - 00:00

Festival Oerol op Skylge hat in gat yn de begrutting fan 160 tûzen euro. Dat komt troch it fuortfallen fan sponsor Dayzers; ien fan 'e twa haadsponsors.

Oerol hat no besletten om de súksesfolle keunstroute fan 2003 gjin ferfolch te jaan. Fierder is it plan om mear minsken oan te nimmen útsteld. Der wurdt no socht nei mear wat lytsere sponsors om de finansjele klap op te heinen. Der wurdt al praat mei in mooglike sponsor foar 80.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)