Oerol: mear lânskipsprojekten

20 jul 2006 - 14:08

De organisaasje fan it Oerolfestival wol de kommende jierren mear dwaan oan bysûndere lânskipsprojekten. Dat seit artistyk lieder Joop Mulder.

Dit jier hie Oerol op it eilân as bysûnderheid 25 grutte ringen op it strân. Se wiene it dekor fan de keunstmanifestaasje Silent Sky. 2000 Oerolgongers leine dêr doe in heal oere stil yn. De ringen lizze der foar waar en wyn. Nei goed in moanne binne fan de 25 no noch tsien te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)