Oerol: mear kaarten ferkocht

24 jun 2007 - 13:57
  • Soad besikers foar Oerol
  • Byld fan de iepeningsfoarstelling

It Oerolfestival op Skylge hat dit jier 10.000 kaarten mear ferkocht as ferline jier. It festival ferkocht dit jier 95.000 kaarten foar 45 foarstellings. Krekt as eardere jierren is de besettingsgraad 95%.

De ynternetferkeap dy't de Oerol-organisaasje likegoed as Rederij Doeksen yntrodusearren, wie in grut sukses. Ek it nije professionals programma waard goed besocht. Oerol krige dit jier goed 50.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)