Oerol lûkt soad folk

14 jun 2014 - 16:37
  • Betonningsterrein op Skylge, it nije 'Griene Strân'

It Oerolfestival lûkt ek dit jier wer in soad minsken nei Skylge. De fearboaten farre op en ôf om minsken ôf te leverjen. Dy komme foar it grutste part foar de 33e edysje fan Oerol. It teaterfestival is freed úteinset.

Foar sneontejûn binne hast alle foarstellings útferkocht. Op it Griene Strân is it dit jier rêstich. It festivalterrein is tsjin it sin fan guon minsken ferhuze nei it betonningsterrein fan Rykswettersteat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)