Oerol-klok net twa oeren tebek

16 jan 2008 - 17:22

De klok wurdt op it Oerol-festival yn juny op Skylge net twa oeren weromset. Der wiene plannen foar om dat te dwaan omdat it dan earder tsjuster is en der ferskate foarstellings yn it tsjuster hâlden wurde kinne.

It past moai by it tema 'tiid' en soe ek in soad publisiteit opsmite. De organisaasje fan Oerol hat de plannen dêrom foarlein oan de bewenners fan Skylge. Dy wolle it net; fral foar bern ek ûndernimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)