Oerol jout geskink oan Skylge

08 jun 2003 - 00:00

De organisaasje fan it Oerolfestival hat plannen foar in geskink oan 'e gemeente Skylge. In Israelyske keunstneres makket in byldegroep fan graniten blokken dy't hûndert jier foar de kust fan it eilân lein hawwe. In Skylger dûkteam hat se opdûkt.

It binnenste, 6 meter hege byld stiet foar 'frijheid', wat in soad minsken fiele as se op Skylge binne. Yn 2004 moat it keunstwurk klear wêze. Sjoch foar in yndruk op www.yael-artsi.com.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)