Oerol is it leukste útstapke

22 okt 2008 - 15:55
  • Oerol leukste útstapke fan 2008

It Oerol-festival op Skylge is útkeazen ta it leukste útstapke fan Nederlân. Dat is de útkomst fan de Nationale Uitjes-test 2008 dy't de NS hâlden hat.

Dik 44.000 Nederlanners ha oan it ûndersyk meidien. Festivals dogge it goed yn de test, muzykfestival Pinkpop komt op it twadde plak. Foaral froulju blike Oerol leuk te finen. Se jouwe oan dat op it festival op Skylge de aardichste minsken omrinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)