Oerol iepenet mei manifest

12 jun 2010 - 09:06
  • Gerdi Verbeet mei it manifest (foto: Omrop Fryslân)
  • Kyteman (foto: Omrop Fryslân)

De iepening fan it Oerolfestival op Skylge hie freed in polityk kleurke. De grutte winners fan de ferkiezings, de VVD en de PVV, wolle drastysk besunigje op keunst en kultuer. Om foar it Oerolfestival op te kommen waard in manifest yn dichtfoarm oanbean oan Twadde-Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet.

Verbeet sil mei it manifest nei de fraksjefoarsitters. Se sil dêrmei de wearde fan keunsten yn it algemien en Oerol yn it bysûnder oan te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)