Oerol hopet op 'come back' fan poadium by camping De Kooi

11 mrt 2015 - 20:44
  • In optreden op it poadium by kemping De Kooi

De organisaasje fan Oerol fynt it spititch dat camping De Kooi op Skylge ophâldt mei it eigen muzykpoadium. Dat skriuwe se yn in ferklearring op har webside. Campingeigener Gerrit Jan Moes hat it beslút naam om't hy net langer foldwaan kin oan de strange regels fan it festival.

Ien fan dy regels is dat De Kooi nei tsien oere jûns ophâldt mei optredens bûten, omdat poadia om de camping hinne lêst ha fan it lûd. In soad Oerolgongers hawwe har teloarstelling al op Facebook witte litten.

Oerol seit dat it oanbod stean bliuwt foar De Kooi om in poadium oan te bieden, mar wol ûnder de betingsten dy't jilde foar eltsenien. "We misgunnen niets, we pakken niets af, het gaat niet om winst, het gaat niet om gebrek aan waardering, het gaat niet om externe voorwaarden. Het gaat ons om het kunnen blijven neerzetten van dit festival."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)