Oerol hat lêst fan asbest

01 maaie 2010 - 13:19

Koartlyn is der asbest fûn yn de kantoarromten fan Oerol op Skylge. De organisaasje moast dêrom fuortdalik út it gebou wei. De asbest kaam oan it ljocht by opknapwurksumheden. Goed fiif wiken foar de start fan it festival soarget it foar in protte ekstra drokte foar de organisaasje.

De gemeente hat ferfangende wurkromte regele troch in pear konteners te pleatsen, mar dochs is der tiid ferlern gien troch al it regelwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)