Oerol: Doeksen fart mei 'maksimumkapasiteit' nei Skylge

12 jun 2015 - 08:34
  • Harnzer bern swaaie de Oerolgongers út
  • Drokte oan de Oerol-baly yn de fearboatterminal
  • Try-out fan de foarstelling 'Dead End' op Oerol
  • In grutte groep Harnzer bern swaaide de Oerolgongers út

Freed begjint de 34ste edysje fan Oerol op Skylge. It festival duorret oant en mei 21 juny. Alle jierren komme der tsientûzenen besikers nei it eilân om ien of ferskate foarstellings mei te meitsjen. Yn 2013 waard keazen foar it mearjierrich tema Sense of Place. Der is dit jier teater fan ûnder oare Het Nationale Toneel, Orkater en Tryater. Muzyk komt fan ûnder oare Spinvis, Wende Snijders en Typhoon.

Rederij Doeksen ferwachtet freed mei seis boaten 10.000 minsken oer te setten nei Skylge.

Neffens Richard de Vries fan Doeksen fart de rederij dizze wike mei maksimumkapasiteit hinne en wer nei Skylge. Freedtemoarn betiid wie it al in drokte fan belang fan Oerolgongers, fytsen, tinten en oare bagaazje yn de Harnzer fearboatterminal. Oerolgongers kinne dêr ek it polsbantsje foar it festival helje. De Oerolgongers waarden freedtemoarn útswaaid troch in grutte groep skoalbern út Harns, dy't hjirby in selsbetocht liet songen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)