Oername wynhannel Wielinga

08 jun 2006 - 15:11

Wynhannel Baarsma fan De Gordyk hat wynkeaperij Wielinga út Ljouwert oernaam. It is foar Baarsma it earste rjochtstreekse ferkeappunt oan de konsumint. It Gordykster bedriuw levere oant no ta foaral oan supermerken, hoareka en fakhannel.

It famyljebedriuw Wielinga bestie sûnt 1922. Eigner Pieter Wielinga docht it bedriuw fan 'e hân om't er gjin opfolgers hat yn de famylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)