Oername V&D mislearret, meiwurkers steane op strjitte

16 feb 2016 - 17:06
  • V&D Ljouwert

It is de kuratoaren fan V&D net slagge ta in akkoart te kommen mei oernamekandidaat Cool Investments. Dat hawwe se tiisdeitemiddei witte litten. Dêrmei is in trochstart fan it bedriuw, dat ek in fêstiging yn Ljouwert hat, fan de baan.

Allinnich de losse fêstigingen fan restaurant La Place bliuwe bestean, sy binne oernaam troch supermerkbedriuw Jumbo. In lytse groep V&D-meiwurkers sil de kommende tiid ûnder lieding fan de kuratoaren it fallisemint ôfhannelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)