Oername taksysintrale Frjentsjer

01 mrt 2003 - 00:00

De Snitser taksysintrale Zuid-West Friesland nimt de taksysintrale Frjentsjer oer nei it faillissement. Dat hat de advokaat fan it Frentsjerter bedriuw witte litten. Fan de 90 meiwurkers krije sa'n 70 dien.

Taksysintrale Frjentsjer rekke earder al it handikapteferfier yn Ljouwert kwyt, nei finansjele problemen by it bedriuw. Neffens de advokaat is de oername logysk om't it Snitser bedriuw no ek al yn Frjentsjer rydt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)