Oername Steenklip trochkrúst

09 aug 2006 - 12:24

Kurator Verdonk fan de fallite stienhouwerij Steenklip út Snits is net bliid mei de aksjes fan it bedriuw de Gedenktekenspesjalist. Dat bedriuw makke bekend in grut part fan it personiel fan de Steenklip oernimme te wollen en ek oan de ferplichtingen foldwaan te wollen.

Neffens Verdonk hâldt it bedriuw him dermei net oan de oernameregels. De kurator is mei noch twa oare mooglike kandidaten yn ûnderhanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)