Oername Spathoek nije wike

08 apr 2014 - 14:05
  • Fearboat Spathoek fan EVT

Rederij Doeksen sil nije wike fearboat De Spathoek en de meiwurkers fan de Eigen Veerdienst Terschelling EVT offsjeel oernimme. Ferline wike waard in oerienkomst berikt tusken beide rederijen en it Ryk. Kearn fan dat akkoart is dat Doeksen de EVT nei in striid fan sân jier oernimme sil.

Om de frede op it Waad te krijen en de EVT te kompensearjen betellet de steat 9 miljoen euro oan EVT. Dizze wike binne de oerdrachtspetearen tusken Doeksen en EVT.

Doeksen sil it skip net oerspuitsje, allinnich it EVT-logo wurdt der ôfhelle. Doeksen wol net in soad yn de boat ynvestearje, omdat de Spathoek sa goed as wis nei septimber út de feart helle wurdt. By Doeksen komme in protte tillefoantjes binnen fan minsken dy't in kaartsje kocht ha by de EVT. Dy bliuwe gewoan jildich foar deselde priis en mei deselde ôffearttiden, sa lit Doeksen witte. Neist de boatoerdracht sil Doeksen it personiel fan de EVT nije wike ek offisjeel wolkom hjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)