Oername Shipdock troch Damen

26 jun 2008 - 20:55

De fakbûnen sille de oername fan skipsreparaasjewerf Shipdock yn Harns troch Damen Shipyards kritysk folgje. Tongersdei hawwe de fakbûnen mei de ûndernimmingsried en personiel praat oer de oername, dy't offisjeel noch goedkard wurde moat troch de NMA, de Nederlandse mededingings autoriteit.

Nije wike krije de bûnen en UR antwurd op tal fan fragen dy't sy steld hawwe. By Shipdock wurkje meiïnoar 150 minsken, fyftich yn Harns en hûndert yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)