Oername rêdingsboat Hylpen

06 jul 2003 - 00:00

De rêdingsboat 'Knokkels' fan it stasjon yn Hylpen wurdt oernaam troch it nautysk opliedingsynstitút TON yn Goïngaryp. Dat sil it skip ynsette as opliedingsskip foar beropsskippers en foar de plezierfeart.

De rêdingsboat wurdt troch de rêdingsmaatskippij út de feart helle. It skip hat sûnt 1975 yn Hylpen stasjonearre west. Freed wurdt it oerdroegen oan de nije eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)