Oername klanten fan drukkerij

31 okt 2012 - 17:32
  • It gebou fan KSB Repro yn Ljouwert

KSB Repro nimt de klanten en wurksumheden fan de fallite Drukkerij Folkertsma de Vrije Fries en APD Drachten oer. Sawol Folkertsma as APD giene koartlyn fallyt troch de ekonomyske krisis.

KSB Repro is al tweintich jier aktyf yn Drachten en omkriten. It bedriuw wurket ek al jierren gear op it mêd fan repro-opdrachten. Oer en wer waarden opdrachten oan elkoar útbestege. Der rinne noch petearen oer de mooglike oername fan personiel fan Folkertsma en ADP, meldt KSB Repo op syn webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)