Oername It Wiid noch net rûn

06 jan 2004 - 00:00

Oername fan it faillite bungalowpark It Wiid kin noch moannen duorje. Dat seit kurator Cnossen. Hy praat de kommende tiid mei in pear oernamekandidaten.

Oant dy tiid sitte de measte fan de goed 70 wurknimmers thús. De measte fan har wurkje yn dieltyd by it park yn Earnewâld. It giet fral om skjinmakkers. Guon meiwurkers fan de administraasje wurkje wol gewoan troch. Cnossen hat der alle betrouwen yn dat It Wiid per termyn oernommen wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)