Oername Essent smyt minder op

03 sep 2009 - 14:52
  • RWE jout minder foar de oername fan Essent

It feit dat it Dútske enerzjybedriuw RWE minder betellet foar de oername fan Essent, kostet ek de Fryske oandielhâlders yn Essent jild. Tongersdei waard bekend dat RWE 950 miljoen minder jout foar de oername fan it bedriuw. Dat is omdat de rjochter ferbean hat dat de kearnsintrale fan Borssele oan 'e Dútsers ferkocht wurdt.

Yn Fryslân binne de gemeenten Ljouwert en Snits lytsoandielhâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)