Oername dropfabryk Easterwâlde

13 jan 2014 - 10:07
  • Website Dropfabryk Kraepelien & Holm

Dropfabryk Kraepelien & Holm yn Easterwâlde wurdt oernaam troch The European Candy Group. De twa partijen hawwe oerienstimming berikt oer in folsleine oername. De finansjele details binne net bekend makke.

Yn in taljochting wiist direkteur Willem Dolman fan de Fryske dropmakkerij op de grutte konkurrinsje op de snobbersguodmerk. Om goed mei te dwaan yn de merk is skaalfergrutting nedich, seit Dolman. De oername hat gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)