Oerlis yn Appelskea nei brân

23 maaie 2007 - 10:15
  • De flammen lutsen in soad belangstellenden

De gemeente Eaststellingwerf praat woansdei oer de gefolgen fan de grutte brân fannacht yn Appelskea. By dy brân waard de iennichste supermerk fan it doarp folslein yn de jiske lein.

Derneist gie ek in kleanwinkel ferlern. Om goed njoggen oere tiisdeitejûn bruts de brân út yn de kleanwinkel, mar sloech al gau oer nei de supermerk. De technyske resjerzje docht woansdei ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)