Oerlis ûntefreden Feanfans

31 maaie 2013 - 22:07
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Goed 250 leden fan de beide supportersferienings fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn byinoar west om te praten oer it beslút fan de bestjoeren om it fertrouwen yn de direksje en de ried fan kommissarissen fan de klup op te sizzen. Feanfan en Nieuw Noord binne lilk oer de minne wurksfear, de omgong mei earefoarsitter Riemer van der Velde en ûntefreden sponsors. Supporters stelle hjir fragen oer, mar krije net folle antwurden. Yn 't foar hawwe de klupdireksje en de ried fan kommissarissen al witte litten net op de byienkomste te kommen.

De ried fan kommissarissen komt gau nei it wykein mei in reaksje op de nijste ûnwikkelings binnen de fuotbalklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)