Oerlis tusken direksje en MR fan basisskoalle Aldebiltsyl

02 feb 2015 - 10:33
  • Basisskoalle SWS Ouwe Syl yn Aldebiltsyl

De direksje en de meisizzenskipsried fan basisskoalle SWS Ouwe Syl yn Aldebiltsyl sitte moandei byelkoar om te praten oer de krisis op de skoalle. Dy is moandei sletten neidat mear as de helte fan it dosinteteam him siik melden hie. Oanlieding is it ûntslach fan in tydlike juf.

Neffens de direksje is de juf frijwillich opstapt, mar de âlden fan de bern leauwe dat net. In petear hjiroer rûn út de hân, wêrnei't it konflikt allinnich mar heger oprûn. It oerlis moandei moat der ta liede dat de skoalle tiisdei wer iepen kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)