Oerlis takomst Spaansen

05 feb 2011 - 09:03
  • foto: www.spaansen.nl

Freed hat der in earste oerlis west tusken de fakbûnen en de direksje fan Spaansen Betonflierren yn Harns. It bedriuw wurdt foar in part oerpleatst nei Kampen. De bûnen binne posityf oer it bedriuw dat nettsjinsteande de minne sifers alle minsken noch yn tsjinst hat. In wurkgarânsje kin Spaansen lykwols net jaan.

In part fan it personiel sil dus reizgje moatte, mar oer it beteljen fan de reisoeren binne de partijen it noch lang net iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)