Oerlis sosjaal plan Enna útsteld

13 apr 2005 - 07:09

It oerlis tusken de fakbûnen en de direksje fan spuitbussefabrikant Enna Aerosols yn Dokkum oer in sosjaal plan is útsteld. Enna Aerosols moat reorganisearje omdat it klanten kwytrekke is. By it spuitbussefabrikant moat der dêrom 37 man personiel út. Oer fjirtjin dagen sille de fakbûnen en de direksje op 'e nij om de tafel om te praten oer in sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)