Oerlis by skipswerf Amels

01 mrt 2005 - 12:24

De direksje fan skipswerf Amels en de fakbûnen ha moandei oerlis hân oer de easken fan de fakbûnen om de skipwerf iepen te hâlden. De direksje en de bûnen wolle net sizze wat it oerlis opsmiten hat. Dat wurdt yn de rin fan de wike bekend makke.

De direksje hie 14 dagen de tiid hân om nei te tinken oer ûnder oare de eask foar 8 miljoen foar in sosjaal plan en it ôfbouwen fan in Pools superjacht. Oars hâlde de wurknimmers op mei wurkjen

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)