Oerlis sintrum Koatstertille

22 feb 2011 - 14:40

Oer it opknappen fan it lêste part fan it winkelsintrum yn Koatstertille komt opnij oerlis. Dat is de ôfrûne jierren opknapt, op in lyts part nei. De Swolske oannimmer Schuttebouw soe dêr winkels en sân apparteminten bouwe.

Mar keapers fan de wenningen binne ôfheakke, lykas de húsarts dy't him yn it gebou fêstigje soe. It bedriuw is ek in subsydzje misrûn om't net op 'e tiid begûn is mei de bou. Pleatslik Belang wol no dat der âldereinwenten of in sosjale wurkpleats komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)