Oerlis roomske politisy-biskop

27 aug 2009 - 15:02

Katolike steateleden, wethâlders en riedsleden út it Noarden hawwe nije wike freed in moeting mei biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert. It is foar it earst dat se elkoar treffe.

Bisskop De Korte fynt it fan belang om mei bestjoerders te praten oer belangrike saken yn it roomske tinken. Dan giet it bygelyks om solidariteit, it opkommen foar de weardichheid fan de minske en foar alles wat swak en kwetsber is. Tema is katolyk sosjaal tinken yn in ekonomysk ûnwisse tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)