Oerlis op skoalle oer oanpak Charlie Charlie Challenge

29 maaie 2015 - 13:04
  • Charlie Charlie Challenge

It Bornego College op It Hearrenfean is yn gesprek mei learlingen oer it fenomeen Charlie Charlie Challenge. It giet om in wrâldwiid moadeferskynsel wêrby't benammen skoalbern besykje mei help fan twa potleaden 'de geast' fan Charlie op te roppen.

Op it Bornego is konstatearre dat guon learlingen dêr bang fan binne. Se doare net te sizzen dat se net meidwaan wolle. De skoalle freget de âlden mei harren bern dêroer te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)